UITNODIGING voor iedereen die de Wetterhoun een warm hart toedraagt

Waarom?
De Wetterhoun is een geweldige hond, die behoort tot het Levend Fries Erfgoed. Maar de hoeveelheid Wetterhounen op deze aarde is heel klein. Die kleine hoeveelheid bedreigt het voortbestaan. Met elkaar moeten we niet alleen de populatie overeind houden maar eigenlijk vergroten.
Om het ras op een gezonde manier te kunnen laten voorbestaan en te laten groeien, is elke eigenaar en geïnteresseerde van belang en moeten we de handen ineen slaan en durven over grenzen heen te kijken. Het is één voor 12! U komt toch ook?

Wat?
Als we de Wetterhoun willen laten floreren, zijn er mensen nodig die op verantwoorde wijze met de honden willen fokken. Het fokken wordt nu op verschillende wijzen gedaan en bij de beide rasverenigingen zijn er bijvoorbeeld verschillende fokregels. Ook zijn er mensen die buiten de rasverenigingen fokken en hun eigen overwegingen maken bij het selecteren van een geschikte combinatie. Als je de handen in elkaar wilt slaan zal je moeten durven te kijken wat voor onderwerpen belangrijk zijn voor het fokken; daarbij zou je kunnen denken aan gezondheid, diversiteit in genen, alle fokdieren in beeld brengen, enz. Welke onderwerpen van belang zijn moet besproken worden met en bedacht worden door alle belanghebbenden.

Hoe?
Door zoveel mogelijk belanghebbenden uit te nodigen en daarmee kennis en ervaring bij elkaar te brengen, kan worden bedacht hoe we uit liefde voor het ras tot samenwerking kunnen komen en daarmee op verantwoorde wijze het ras overeind kunnen houden en hopelijk laten groeien.

Wanneer?
Op zaterdag 10 november 2018 om 13.30 uur.

Waar?
KC Zwolle, Anthony Fokkerstraat, 8013 NT  Zwolle

Programma
1. Welkom met koffie/thee en een korte inleiding
2. Hoezo ‘Eén voor 12?’:Inleiding door Dr. Ir. Pieter Oliehoek
PAUZE
3. Vragen en gedachtewisseling
4. Wat nu?
5. Sluiting en napraten

Aanmelden?
In verband met de planning van de catering is het prettig als u zich van te voren aanmeldt (niet verplicht), zodat we weten op hoeveel personen we ongeveer kunnen rekenen.
Aanmelding kan via het secretariaat van de DWVN (info@dwvn.nl ) en/of via de secretaris van de NVSW (secretaris@nvsw.nl).

Graag tot ziens op 10 november!

Met vriendelijke groet,

Besturen van De Wetterhoun Vereniging Nederland (DWVN) en de Nederlandse Vereniging voor Stabij- en Wetterhounen (NVSW).

 UTNOEGING
Foar elkenien dy’t de Wetterhoun in waarm hert tadraacht

Wêrom?
De Wetterhoun is in geweldige hûn, dy’t heart ta it Libbene Frysk Erfguod. It tal Wetterhounen op dizze ierde is lykwols hiel lyts. Dat lytse oantal bedriget it fuortbestean. Mei-inoar moatte we net allinne de populaasje oerein hâlde mar einliks fergrutsje. Om it ras op in sûne wize fuortbestean litte te kinnen, is eltse eigener en ynteresearre wichtich en moatte wy de hannen gearslaan en oer grinzen hinne doare te sjen. It is ien foar tolven. Jo komme dochs ek?

Wat?
As we de Wetterhoun bloeie litte wolle, dan is der ferlet fan minsken dy’t op in ferantwurde wize mei de hûnen fokje wolle. It fokjen wurdt no op ferskate wizen dien en by beide rasferienings binne der bygelyks ferskillende fokregels. Ek binne der minsken dy’t bûten de rasferienings fokje en harren eigen oerwagings meitsje by it selektearjen fan in geskikte kombinaasje. Ast de lapen gearsmite wolst dan silst sjen moatte doare hokfoar ûnderwerpen wichtich binne foar it fokjen; dêrby soest tinke kinne oan sûnens, ferskaat yn genen, alle fokbisten yn byld bringe, ensfh. Hokker ûnderwerpen wichtich binne moat bepraten wurde mei en betocht wurde troch alle belanghawwenden.

Hoe?
Troch safolle mooglik belanghawwenden út te noegjen en dêrmei kennis en ûnderfining by inoar te bringen, kin betocht wurde hoe’t we út leafde foar it ras ta gearwurking komme kinne en dêrmei op ferantwurde wize it ras oerein hâlde kinne en hooplik groeie litte.

Wannear?
Op sneon 10 novimber 2018 om 13.30 oere.

Wêr?
KC Zwolle, Anthony Fokkerstraat, 8013 NT  Zwolle

Programma
1. Wolkom mei kofje/tee en in koarte ynlieding
2. Hoesa ‘Ien foar tolven?’: Ynlieding troch dr. ir. Pieter Oliehoek
SKOFT
3. Fragen en gedachtewekseling
4. Wat no?
5. Sluting en neipetear

Oanmelde?
Yn ferbân mei de planning fan de catering is it prettich as jo jo fan tefoaren oanmelde (net ferplichte), sadat we witte op hoefolle persoanen we ûngefear rekkenje kinne.
Oanmelding kin fia it sekretariaat fan de DWVN (info@dwvn.nl) en/of fia de sekretaris fan de NVSW (secretaris@nvsw.nl).

Graach oant sjen op 10 novimber!

Mei feonlike groetnis,

Bestjoeren fan De Wetterhoun Vereniging Nederland (DWVN) en de Nederlandse Vereniging voor Stabij- en Wetterhounen (NVSW).